> nieuws

Nieuws

 
23 december 2019

Duizend dagen, in podcast oer it tsjerke-asyl fan Rottefalle

https://www.omropfryslan.nl/programma/duizend-dagen
De Menistetsjerke fan Rottefalle waard begjin jierren njoggentich in skûlplak foar in Syrysk Ortodokse famylje fan heit, mem en fjouwer bern. De doarpsbewenners holden de wacht. Dei en nacht, hast tûzen dagen lang. Omrop Fryslân, de Ljouwerter Krante en it Friesch Dagblad publisearje mienskiplik in podcast oer it langste tsjerke-asyl fan Nederlân.

April 1992. De Menistetsjerke fan Rottefalle biedt tsjerke-asyl oan in útprosedearre gesin út Syrië. De famylje krijt ûnderdak yn de lytse konsistoarje. Frijwilligers hâlde twa oan twa de wacht yn ‘e tsjerke, der leit in preek klear foar it gefal de plysje der in ynfal docht. De groep helpferlieners groeit út nei mear as hûndert minsken. It wurdt in spannende en ûnwisse tiid foar de famylje, want it ferbliuw yn ‘e Menistetsjerke duorret úteinlik mear as twaenheal jier, hast tûzen dagen. It langste tsjerke-asyl ea yn Nederlân. Yn oktober 1994, no 25 jier lyn, nimme de Rottefalsters mei in tsjerketsjinst ôfskie fan de Syryske famylje.

De sjoernalisten Wieberen Elverdink fan de Leeuwarder Courant, Diane Romashuk fan it Friesch Dagblad en Karen Bies fan Omrop Fryslân makken in podcast oer dy bysûndere skiednis. In gearwurkingsprojekt fan ‘Finster op Fryslân’, mei stipe fan de provinsje Fryslân.

De podcast ‘Duizend Dagen’ is it ferhaal fan it tsjerke-asyl fan Rottefalle en de krêft fan in doarpsmienskip. Yn de fiifdielige dokumintêrerige komme belutsenen oan it wurd, lykas de frijwilligers út Rottefalle en in soan fan de Syrysk Ortodokse famylje. De sjoernalisten hawwe ek âld-steatssekretaris fan justysje Aad Kosto opsocht, om mei him te praten oer syn asylbelied yn it begjin fan de jierren 90. It tal asylsikers yn Nederlân naam doe rap ta. Op it hûs fan Kosto wie yn 1991 in bomoanslach, dêr’t terreurgroep RARA ferantwurdlik foar wie.

‘Duizend Dagen’
De podcast is fan 24 desimber ôf te beharkjen fia de websiden fan de trije Fryske media: Frieschdagblad.nl, LC.nl en Omropfryslan.nl en is ek te downloaden op de bekende podcast-apps en Spotify.


Terug
 
Meer informatie   ANBI-register Friesche Doopsgezinde SociŽteit
contact maandblad privacy
routebeschrijving nieuwsbrief disclaimer
veelgestelde vragen inloggen colofon
© 2020 Doopsgezind.nl